Wilma Mansveld moandei ynstallearre yn Tytsjerksteradiel

Wilma Mansveld © ANP
Ald-steatssiktaris Wilma Mansveld wurdt moandei oer in wike ynstallearre as waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Se is de tydlik opfolger fan Eric ter Keurs, dy't koartlyn ophâlden is. De ynstallaasje bart op in bysûndere riedsgearkomste. Dêryn wurdt ek de profylskets fêststeld foar de nije boargemaster.
Nei de gearkomste kinne ynwenners fan de gemeente op in resepsje yn de kunde komme mei waarnimmend boargemaster Mansveld.