Deadlik ûngelok op sjarterskip makket grutte yndruk

22 aug 2016 - 14:17

It deadlik ûngelok yn Harns op it sjarterskip Amicitia komt hurd oan. It is it praat fan de dei ûnder de ynwenners fan de havenstêd. Snein kamen trije Dútske manlju om it libben doe't de mêst fan it skip ôfbruts.

It drama hat mooglik ek gefolgen foar de sjarterfeart, tinkt Paul van Ommen fan de belangeferiening BBZ foar de berops-sjarterfeart. In ûngelok fan dizze omfang hat er noch nea meimakke. "Het heeft nu al een enorme impact. Het gaat door ieders hoofd heen, iedereen is ermee bezig", sa seit Van Ommen.

"Of het op korte of lange termijn economische gevolgen heeft, weet ik niet, maar dat is nu ook niet onze zorg. We willen nu weten 'wat is hier aan de hand en hoe kunnen we dit voorkomen', dát is onze zorg." Van Ommen is dêrom bliid dat der in wiidweidich technysk ûndersyk dien wurdt nei de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)