Jannick de Jong twadde yn Eenrum

22 aug 2016 - 13:50
  • Jannick de Jong

Jannick de Jong is twadde wurden yn de twadde wedstriid om de wrâldtitel op de langbaan. De winst yn de A-finale wie foar de Frânsman Dimitri Berge. De wedstriid yn Eenrum waard moandei ferriden, omdat de baan snein net te beriden wie troch it reinwetter. Regearjend kampioen De Jong gong yn de twadde searje hurd ûnderút. Nei in twadde plak yn de heale finale, waard er ek twadde yn de grutte finale. Dirk Fabriek waard fjirde. De Dútser Erik Riss, de kampioen fan 2014, giet nei twa wedstriden mei 51 punten oan de lieding. De Jong hat 40 punten.

Ek Berge hat 40 punten. Sneon is de tredde WK-wedstriid yn Forssa yn Finlân. Yn totaal binne der fiif wedstriden.

Theo Pijper helle yn Eenrum de A-finale krekt net. De Fries om utens wûn syn earste trije searjes, dêrnei gong it gâns minder. Pijper hie ien punt temin, hy waard sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)