Hjoed en Bynt ferdwine, oare studio foar nije programma's

It sjoernaal Hjoed komt de kommende trije wiken net út de studio wei, mar fan de redaksje ôf. De studio yn Ljouwert wurdt ferboud, want fan 12 septimber ôf hat Omrop Fryslân in folslein fernijde telefyzjeprogrammearring. Hjoed en Bynt komme net wer werom. Yn dat plak komt ien programma dat sawol it wichtichste nijs as ek de eftergrûnen dêrby bringt.
"Kinst it wat fergelykje mei it NOS-sjoernaal fan acht oere. Dêryn hearst it grutste nijs, mar ek it hoe en wêrom", seit haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân.
Hea bliuwt wol bestean. Dêrneist komme der ferskate nije programma's. Sa krijt Omrop Fryslân in 'kijkje achter de schermen' by musea. Hokker skatten lizze yn de depots dêr't it publyk net komme mei? Om elkenien by te praten, is der op 8 septimber in gearkomste oer de nije programma's fan Omrop Fryslân.