FNP Achtkarspelen hat gjin fertrouwen yn nije koälysje

Riedsgearkomste yn Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It FNP fan Achtkarspelen hat gjin fertrouwen yn de nij te foarmjen koälysje yn de gemeente. Dat seit Marten van der Veen fan de partij. Ofrûne wykein waard bekend dat it CDA, de ChristenUnie en de PvdA ûnder lieding fan ynformateur Joop Atsma in akkoart berikt hawwe oer it foarmjen fan in nije koälysje.
De koälysje moat noch definityf makke wurde, mar Van der Veen soe it rampsillich en in ''keunsteld gehiel'' fine as it trochgiet. It soe neffens him net yn it belang wêze fan de gemeente en de mienskip.
Ferline moanne klapte de koälysje fan FNP, GBA en PvdA. Brekpunt wie de diskusje oer it sosjaal domein, dêr soe te min jild foar oerbliuwe. Mar no, nei in nije berekkening docht bliken dat de gemeente mei sa'n 194.000 euro yn de plus stiet foar de begrutting fan 2017.
As de koälysje wol definityf makke wurdt, dan hat Van der Veen al wol plannen foar takom jier. ''Dan sille we mei de ferkiezings fan takom jier de saak efkes goed yn 'e hens sette'', sa seit in grimmitige Van der Veen.