Man oppakt foar ynbraak yn Dokkumer telekomwinkel

22 aug 2016 - 11:43

De plysje hat in 20-jierrige ynwenner fan de gemeente Dongeradiel oppakt foar de ynbraak yn in telekomwinkel oan de Aalsumerpoart yn Dokkum. De plysje slút meardere oanhâldingen net út.

De ynbraak fûn twa wiken lyn plak. Op bylden wiene twa fertochten te sjen. Se sloegen it rút fan de winkel yn en namen in stik as fiif mobile telefoans mei. Dêrnei naaide it duo út op in motor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)