Sfearfolle Turffeartdagen lûke soad publyk nei Appelskea

Appelskea wie it ôfrûne wykein fol mei histoaryske boatsjes en kreamkes. De twajierlikse Turffeartdagen fûnen dêr plak. It tema 'Turfrûte' stie dizze edysje sintraal. Besikers koene lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart autentike skipkes besjen dy't út alle hoeken fan it lân ôfkomstich wiene.
Op de wâl koene minsken by kreamkes delrinne en kennis meitsje mei in ferskaat oan âlde ambachten.. Frijwilligers fan de Turffeartdagen rûnen yn tradisjonele klean en dêrtroch ûntstie der in âlderwetske sfear.