Kollum: "Who the fuck is Elis?"

22 aug 2016 - 08:49

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"It sit der op: de Olympyske Spelen yn Rio. Ik wit net hoe’t it mei dy sit, mar ik tink dat der in hiel soad minsken binne dy’t krekt as my ôfkicke moatte. Alle jûns siet ik plat foar de telefyzje om neat te missen fan Team NL. Fan it BMX’en oant it boksen justerjûn, ik ha noch nea safolle sport sjoen as de ôfrûne twa wiken. Mar no is it dus klear. En riedst it al: it is tiid om werom te sjen.

Mei 8 gouden, 7 sulveren en 4 brûnzen medaljes ha wy it kreas dien. Fan dy 19 medaljes waarden der mar leafst 12 helle troch froulju. Net om op te skeppen hear, ik meld it allinnich mar efkes. Mar wat my noch it measte opfoel wie dat foaral de wat ûnbekendere sporters yn Rio boppe harsels útstigen.

Nim bygelyks maratonswimster Sharon van Rouwendaal, dy’t goud pakte. Mar hiesto ea fan har heard? No bin ik ek net sa’n deskundige as it giet om 'openwaterzwemmen', dus miskien is Sharon van Rouwendaal wol de Anky van Grunsven ûnder de maratonswimmers. Dat wit ik fansels net. Mar it foel my op dat wy noch nea in reklamespotsje fan bêdemerken Auping of M Line sjoen ha mei Sharon der yn.

En dan Elis Ligtlee. Ek dêr hie ik noch nea fan heard. Earst tocht ik sels efkes dat it in Ingelse wie, oant ik de letters NED op har rêch seach. Elis, who the fuck is Elis? Mar it blykt dus in keirin kanjer te wêzen út Eerbeek. In fedette op de fyts, dy't mei har 1,85 meter alles en elkenien foarby skeurt. Krekt sa'n bikkel as hurdfytster Anna van der Breggen, dy't it goud pakte op de dyk. Anna wa, tocht ik. Ek noch nea yn in reklamespotsje fan Volkswagen of Calvé Pindakaas foarby kommen sjoen.

En dat is neffens my de konklúzje fan dizze Olympyske Spelen. Wêr’t grutte nammen as Ranomi Kromowidjojo, ús Epke en enfant terrible Yuri van Gelder teloarstelden, wiene it de relatyf ûnbekende sporters dy’t foar ús de medaljes út it fjoer sleepten. Utsein fansels ús eigen topper Marit Bouwmeester, dy’t mei goud by it silen presys die wat se dwaan moast. En turnster Sanne Wevers, dy’t die wat net ien foar mooglik hold: histoarysk turngoud op de evenwichtsbalke.

Mar it meast fan bin ik dochs wurden fan bokser Nouchka Fontijn. Wylst Team NL justerjûn al yn it Holland Heineken House oant it bier hisen wie, moast Nouchka op de alderlêste dei de finale bokse. Krekt as Elis, Sharon en Anna hie ik ek noch nea fan Nouchka heard. Mar yn it telefyzjeprogramma Me, Myself & Rio, wêryn’t sporters op wei nei de Spelen folge waarden, hie ik tafallich in portret fan har sjoen. En de mûle foel my iepen.

Wa't tinkt dat dizze krachtpatser út Schiedam elke dei yn in moderne sporthal stiet te trainen, hat it mis. Tegearre mei har trainer oefenet Nouchka yn in fytstunneltsje. Ja wier, oan de kant fan it fytspaad is se oant it slaan as in wiere Mohammed Ali. Midden yn it sparren moat se dan efkes oan 'e kant as der in fytser oankomt. Gjin lúkse hal, gjin bulten jild of miljoenen fans. Nee, Nouchka trainde har yn in tsjuster fytstunneltsje it swit op it gebit om topfit te wêzen foar Rio. Alles op eigen krêft. In gruttere bikkel as Nouchka is der net.

Justerjûn siet ik om sân oere dan ek plat foar de telefyzje. Us Schiedamse tank naam it yn de finale op tsjin de regearjend wrâld- en Olympysk kampioene Claressa Shields út Amearika. In beul fan in wiif, dy’t sa arrogant troch de ring hipte dat sels ík der agressyf fan waard. Uteinlik waard it sulver foar Nouchka, mar mei in gouden rantsje. Hiel Nederlân wit no wa’t Nouchka Fontijn is.

Ek yn Schiedam binne se grutsk. Wêr't Epke eare waard mei in eigen Epke Zonderland Turnhal en Pieter van den Hoogenband destiids in eigen Pieter van den Hoogenband Zwemstadion krige, fine se yn Schiedam in strjitnamme wol genôch. Hm, ik wit oars ek noch wol in hiel geskikt fytstunneltsje dat in nije namme brûke kin."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)