Soad reek komt frij by brân yn soarchwenning yn Harns

By in wenningbrân oan de Nicolaas Beetsstrjitte yn Harns kaam sneintenacht in soad reek frij. De wenning is eigendom fan de soarchgroep 's Heeren Loo. Dy fangt hjir jongerein mei in licht ferstanlike beheining op. Nei alle gedachten is de waskmasine yn 'e brân flein.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar it hûs stie wol fol mei reek. De helptsjinsten hawwe it hûs fentilearre.