Undersyk deadlik ûngelok Harns duorret noch dagen

De plysje ferwachtet dat it ûndersyk nei it deadlik ûngelok yn Harns yn alle gefallen noch inkelde dagen duorje sil. Sneintemiddei bruts in mêst fan in sylboat ôf. Trije Dútske manlju fan 19, 43 en 48 jier út de gemeente Amberg kamen hjirby om it libben. De slachtoffers sieten mei harren famylje op de boat. De oare famyljeleden binne op it plysjeburo yn Harns opfongen en krije slachtofferhelp. "Dit is een drama voor de familie", seit plysjewurdfierder Pieter Boomsma.
It ûndersyk op de sylboat, sjarterskip Amicitia mei Harns as thúshaven, wurdt dien troch technyske spesjalisten fan de lanlike plysje. Dy hawwe de boat sneintejûn nei in plak sleept dêr't se it ûndersyk dwaan kinne.
De 51-jierrige skipper fan Stiens is oanhâlden en wurdt heard, om't er as eigener ferantwurdlik is foar de sylboat.