Keunstrûte Aldeberkeap lûkt mear as njoggentûzen besikers

© Keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap.
Mear as njoggentûzen besikers kamen dit jier ôf op de keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap. Ein july iepene de útstalling de doarren en liet in moanne lang ferrassende en ynteraktive keunst sjen oan de gasten. Snein wie de lêste dei fan de eksposysje. De organisaasje sjocht werom op in suksesfolle edysje fan it evenemint, mei ûnder oaren optredens fan Arthur Ebeling, Lourens Leeuw en sjongeres Elske DeWall.
Ek takom jier krijt de keunstrûte in ferfolch, dan rint it evenemint fan 29 july oant en mei 27 augustus.