Flearmûzen krije stjoerder

07 maaie 2012 - 14:48

Yn 'e omkriten fan Sumar set dizze moanne in ûndersyk nei flearmûzen útein wêrby't de flearmûzen in spesjaal festlime stjoerderke mei krije. Minsken fan ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wymenga sille dit yn gearwurking mei de Sûchbisteferiening útfiere. Se dogge dat yn opdracht fan de provinsje en Rykswettersteat om út te finen hoe't je flearmûzen it bêste nei in saneamde 'hop over' liede kinne.

In 'hop over' is in natoerlike of oanleine konstruksje dy't der foar soarget dat in flearmûs sa heech de dyk oer stekt dat er net rekke wurdt.

De resultaten fan de proef wurde ûnder mear brûkt by de oanlis fan de Sintrale As.

Trefwurden: 
stjoerder Sumar flearmûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)