UPDATE: Trije deaden by ûngelok mei sylboat yn Harns

21 aug 2016 - 14:24

By in ûngelok mei in grutte sylboat by Harns binne sneintemiddei trije minsken om it libben kaam. It giet om trije Dútske manlju fan 19, 43 en 48 jier út de gemeente Amberg. Op see, net fier fan de haven fan Harns, bruts de foarste mêst fan de sylboat ôf. De mêst klapte nei ûnder en dêrtroch kamen de slachtoffers om it libben.

Nei it ûngelok fear de sylboat werom nei de haven fan Harns. Dêr waarden de 51-jierrige skipper fan Stiens, syn frou en de njoggen oare opfarrenden opfongen en meinommen nei it plysjeburo. Sy binne net ferwûne rekke. De Dútske opfarrenden hearden allegearre ta deselde famylje.

Skipper oanhâlden

Alle belutsenen by it ûngelok krije slachtofferhelp oanbean. De skipper is oanhâlden en heard troch de plysje, om't er as eigener ferantwurdlik is foar de boat. It giet om it sjarterskip Amicitia mei Harns as thúshaven.

Undersyk

De oarsaak fan de mêstbreuk is noch ûndúdlik en wurdt neier ûndersocht. Technyske spesjalisten fan de lanlike plysje hawwe in ûndersyk ynsteld nei de sylboat. Hoelang't it ûndersyk duorje sil, is noch net bekend.

Trefwurden: 
plysje deaden Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)