Monumintale seesleepboat fart nei Skylge

De monumintale seesleepboat Holland fiert dit jier syn 65-jierrich bestean. Dat wurdt snein fierd mei feartsjinsten tusken Skylge en Harns lykas dat earder dien waard. Simmerdeis waard it skip faak ynset as fearboat om kloften toeristen oer te setten. Ek hie de Holland 161 suksesfolle bergingen.
Belangstellenden koenen by rederij Doeksen in kaart keapje foar ien fan de oertochten. Yn in wike tiid wienen de kaarten útferkocht. Der is plak foar 120 minsken op de boat.
It skip is om 08.30 oere fan Skylge fuortgien en om 11.00 oere út Harns wei en om 20.30 oere fertrekt it skip nochris fan it eilân nei Harns. De tocht duorret likernôch twa oeren. Yn 2010 hat de Holland ek al ris as fearboat tsjinst dien.