Bemanning fan Makkumer skûtsje wurdt snein huldige

21 aug 2016 - 11:54

De bemanning fan it winnende skûtsje fan de IFKS wurdt sneintemiddei om 16.00 oere huldige yn Makkum. Skipper Klaas Kuperus waard sneon mei it skûtsje De Zes Gebroeders earste yn it einklassemint. It skûtsje komt snein by de slûzen Makkum yn. By de huldiging is ek ien fan de wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)