Oanlis bedriuweterrein fersteurde briedfûgels mooglik

21 aug 2016 - 11:11
  • De hoants is ien fan de spektakulêrste briedfûgels fan Nederlân

De fraksje fan Pal Grienlinks yn de gemeente Ljouwert makket him soargen oer berjochten dat briedfûgels yn de maitiid fersteurd binne by de oanlis fan it bedriuweterrein Newtonpark 3 by Ljouwert. By it wurk soene nêsten ferneatige wêze.

Neffens de fraksje docht bliken dat der gjin ûntheffing wie om ûnder de briedtiid yn it gebiet te wurkjen. De fraksje hat dêrom fragen oer de kwestje by de gemeente dellein. Se wol ûnder oare dat it kolleezje mei in wurkwize komt om de gefolgen fan grûnwurk foar floara en fauna tenei te beheinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)