Bannen lekstutsen yn NS-fytsestalling Grou

Op it NS-stasjon fan Grou binne dit wykein 57 parkearde fytsen oantroffen mei lekstutsen bannen. De plysje freget fytseigeners om digitaal oanjefte te dwaan as se har fyts mei lekstutsen bannen oantroffen ha yn de fytsestalling.
De ôfrûne tiid ha der meardere meldingen west fan lekstutsen fytsbannen op it NS-stasjon Grou. Tsjûgen kinne har melde by de plysje.