Kommende wike: simmerwaar en tropyske temperatueren

21 aug 2016 - 07:56

Mei de rein fan snein liket it der net op, mar fan 'e wike komt de simmer werom. Fan tiisdei ôf wurdt it waarm mei oerdeis sa'n 25 of 26 graden, mei sinne en bewolking. Woansdei en tongersdei wurdt it tropysk waarm mei temperatueren tusken de 27 en 30 graden. Ek freed sinneskynwaar en temperatueren om de 28 of 29 graden hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)