Auto yn sleat by Kollumersweach, bestjoerder útnaaid

21 aug 2016 - 07:24

Yn Kollumersweach is sneontenacht in auto yn de sleat by de Spoarbuorren-Noard oantroffen. Nei alle gedachten is de bestjoerder tsjin in betonblok op de splitsing mei de Bounswei oanriden en doe mei de auto yn de sleat bedarre. Tsjûgen seagen de auto en bellen de plysje. Doe’t dy op it plak oankaam, die bliken dat de bestjoerder net mear yn de auto siet. Mei in waarmtebyldkamera is noch socht nei de sjauffeur, mar dat wie om ‘e nocht. De auto is fuortsleept.

Trefwurden: 
plysje Kollumersweach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)