SC Hearrenfean ferliest yn Nijmegen fan NEC

20 aug 2016 - 22:42

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn Nijmegen mei 2-1 ferlern fan NEC. Nei twa lykspullen wienen de Feansters ûnder lieding fan trainer Jurgen Streppel op syk nei winst. Yn it begjin hienen de Friezen it measte balbesit, mar noch net folle kânsen. It gie lange tiid lykop tusken beide ploegen, mar geandewei krige de thúsploech mear oerwicht.

Yn de 32ste minút makke Dumic in doelpunt foar NEC, hy kopte út in foarset wei. Fjouwer minuten letter makke Pelle van Amersfoort al de lykmakker. Ofosu makke yn de 58ste minút de 2-1.

De Feansters hienen it dreech om in gatsje te finen yn de ferdigening fan de rappe en kopsterke Nijmegenaren. Ek trije wiksels koenen gjin ferskil meitsje: Sam Larsson mocht Slagveer ferfange, Namli moast it fjild ferlitte foar Henk Veerman en Van Amersoort waard wiksele foar Simon Thern. Ek by NEC waard wiksele, der kamen noch mear ferdigeners op it fjild. It makke in Fryske oanfal allinne mar dreger.

Nije wike komt PEC Zwolle op besite yn it Abe Lenstrastadion.

De nije oanwinst mocht noch net spylje, mar is al wol populêr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)