Crispijn Ariëns wint NK skeelerjen yn Bartlehiem

Skeelerneur Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat sneon de winst pakt by de 29ste edysje fan de Bartlehiem Skeelertocht. Ariëns wist yn de slotronde Niels Mesu foar te bliuwen. Trijefâldich eardere winner Gary Hekman waard tred.
De Wolvegeaster wie nei ôfrin tige bliid mei de winst. "Het was een lastige tocht, maar ik ben heel blij dat ik hem heb gewonnen. Super dit."
Troch de rein wie it parkoers fan 100 kilometer yn it begjin fan de wedstriid flink glêd. Yn de rin fan de middei klearre it lykwols op en koene de manlju mei drûch waar de tocht ôfmeitsje.