Makkum wint klassemint IFKS-silerij

20 aug 2016 - 16:06

It Makkumer skûtsje De Zes Gebroeders mei skipper Klaas Kuperus hat it skûtsjesilen yn de grutte A-klasse fan de IFKS wûn. Op it lêst besocht It Swarte Wief noch in oanfal te dwaan op De Zes Gebroeders om sa te besykjen lêstneamde noch fan it kampioenskip ôf te hâlden.

Skipper Klaas Kuperus is út de skroeven mei it kampioenskip. "Mei triljende hantsjes" hat er de lêste spannende wedstriid syld. "We kamen reedlik út de start, mar sakken doe wat ôf. Gelokkich bleau It Swarte Wief achter ús."

Yn it klassemint waard It Swarte Wief fan De Tynje mei skipper Jaap Hofstee twad en de Jonge Jasper fan Frjentsjer mei skipper Froukje Osinga tred.

Deiwinst

De lêste silerij wie sneon spannend fanwege de hurde wyn, dy't ek feroare. Fanwege dy feroarjende wyn wie de baan ferlein. De deiwinst op de lêste dei fan it silen yn de Lemster baai wie foar it skûtsje Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn dy't op it thúswetter lang oan kop lei. Striidber waard twad en It Doarp Eastermar tred.

Oare klassen

Yn de lytse A-klasse waard Engelina Smeltekop  mei skipper Pieter Jilles Tjoelker kampioen. Yn de B-klasse waard Goede Verwachting fan Walter de Vries kampioen. Yn de C-klasse is de Singelier fan Daan van der Meer kampioen wurden.

Takom jier sile de skûtsje fan de IFKS har wedstriden fan 19 oant en mei 26 augustus. De SKS is 5 oant en mei 18 augustus 2017.

Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)