Plysje hâldt ûntsnapte GGZ-pasjint oan

20 aug 2016 - 15:16

De plysje op It Hearrenfean hat sneon in man oanhâlden, dy't earder út in GGZ-ynstelling ûntsnapt wie. De pasjint sprong yn it wetter fan de Hearresleat om sa oan de plysjes te ûntkommen. Dy plysje sette de buert ôf en koe de man op de Skâns oanhâlde. De man fersette him by syn oanhâlding. In plysjeman rekke ferwûne yn it gesicht. Dy makket it yntusken wer goed, neffens in plysjewurdfierder. De pasjint is werombrocht nei de ynstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)