Plysje dielt fyftjin boetes út by kontrôle op Wâldwei

20 aug 2016 - 14:30

It ferkearsteam fan de plysje hat freed by in kontrôle op de Wâldwei tusken Drachten en Garyp fyftjin boetes útdield. Fan in 26-jierrige automobilist út Winschoten waard it rydbewiis ynnaam om't de man mei 155 kilometer oer de dyk ried, wylst 100 kilometer it maksimum is.

Tolve bestjoerders krigen in bekeuring om't se mear as 30 kilometer te hurd riden. Twa bestjoerders fan in auto mei in oanhingwein krigen boetes om't der wat net goed wie mei de lading en it kenteken.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle Wâldwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)