Start iepen NK skeelerjen útsteld fanwegen swiere rein

20 aug 2016 - 14:14

De start fan it iepen NK 100 kilometer skeelerjen by Bartlehiem is goed in healoere útsteld fanwegen swiere rein. De wedstriid soe om 14.00 oere starte, mar is lang om let pas om likernôch 14.45 oere begûn. Nei alle gedachten is de finish om 17.15 oere.

Oan de start ferskine ûnder oaren Olympysk reedrydkampioen Jorrit Bergsma en Nederlânsk kampioene Irene Schouten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)