FIDEO: Ljocht- en byldshow oer ramp Flylân en Skylge 1666

Op Skylge wie freedtejûn in grutte ljocht- en byldshow te sjen oer de ramp op Flylân en Skylge yn 1666. Yn dat jier foel in Ingelske float ûnder lieding fan admiraal Holmes Flylân en Skylge oan. Se stutsen mear as 150 skippen yn brân en baarnden it hiele doarp West-Skylge plat.
By de ramp kamen mear as twatûzen minsken om it libben. Mei in yndrukwekkende ljocht- en byldshow waard it ferhaal op de muorren fan de Brandaris toand oan belangstellenden.