Kollum: "Kommissaris"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Minsken, minsken, it wurdt no wolris tiid hear. Fakânsjes hast wer oer, der bin no wer wichtige saken. De kommende wike moatte jim bygelyks de enkête ynfolje fan de provinsje. Oer wat jim fine wat de nije kommmissaris fan de Kening yn Fryslân foar kwaliteiten ha moat. Dat moat de provinsje foar 1 septimber witte. De FNP skoot ús de hiele tiid op Twitter dy enkête al ûnder de kont. Sa fan: dan kin jim moai ynfolje dat ús kommissaris in Fries wêze moat. No dat is folstrekte nonsens. Dêrmei soenen je al dy lju dy’t folle mear kwaliteiten ha yn it jiskefet kwakke. Dus fraach twa kin wol út de enkête, hoege jim net yn te foljen. Aan fan de Fryske taal en kultuer hoecht de nije kommissaris net, dat hat Sietske Poepjes wol yn hannen. Seit se.
Jim moat witte dat it eins hielendal gjin sin hat om dy enkête yn te foljen, want de kommissaris is in ryksfiguer. Plasterk beneamt him, neidat Rutte sein hat dat it goed is. In kommissaris moat ynearsten soargje foar in goede gearwurking tusken ryk en provinsje. No, as hy of sy dat goed dwaan soe, kin it oare wurk wol fuortdondere wurde. Salang as earst it ryk, dan de gemeente, dan de provinsje en dêrnei noch rykswettersteat of it wetterskip in richeltsje njonken ús diken iepen en ticht smite as se der wat yn dien ha, salang hat in kommissaris it net oan tiid in earste ljipaai te lotterjen.
Want, en dêrom soe it miskien dochs goed wêze dat we dat efkes dúdlik yn dy enkête sette, dat úthingboerdgedoch hoecht foar ús net. Ofsjoen fan dat it net nedich is, betsjut it ek dat in soad lju net kommissaris yn Fryslân wurde wolle. Hjir moat je nammentlik 365 dagen yn it jier nei eveneminten, iepeningen, huldigingen en soksoarte gedoch en de kommissaris stiet sa ticht by de minsken, dy moat dêr altyd hinne. Ophâlde. Dat kin wol in wethâlder of sa dwaan, oars bin dy nea yn it spier. Inkeld as de kening komt, moat syn kommissaris dus oan de bak, mar we ha hjir lokkich nea Olympyske Spelen.
It lieden fan de steatefergaderingen is ek in waaksen noas. No ja, hy hat de opdracht dat der besluten naam wurde moatte. Mar dat wol by tolve partijen fansels net daverjend. En der wurdt dochs dien wat deputearre steaten beslisse, dus it makket neat út. De gearkomsten fan deputearre steaten moat ek wat útkomme, mar dy bin efter sletten doarren, dêr freget de enkête net nei. Ja we witte wol dat Jorritsma algeduerich op de tafel slacht en ropt “doch no ris wat”, mar offisjeel is dat net bekend.
O ja hy beneamd ek noch boargemasters. Mar Jorritsma hat wat útfûn. Hy beneamd inkeld waarnimmers. Dan ha we gjin lêst fan ellenlange prosedueres. We merke it ferskil ek net, inkeld wennet in boargemaster net mear yn syn eigen gemeente. No en.
Bemiddelje tusken fjochtsjende gemeenten is dus it iennichste dat oerbliuwt om te dwaan foar in kommissaris. Dat is dus ek wer gewoan in rykstaak. Want de steaten kin it noait in hout skele dat de gemeenten yn tsjok waar mei elkoar libje, want dy komme sels ek út allegear ferskillende gemeenten. Op deselde wize as al dy ryks en provinsjale dingen yn elkoar stekke, soe de nije kommissaris him ek dwaande hâlde moatte mei dat as gemeenten dan net fusearje wolle, dat dan yn elk gefal noch wol gearwurke wurdt. De ferhalen dy’t je konstant hearre oer wy dogge it sa en hjir dogge se it sa en sa litte we it mar, moatte de wrâld út. Pak de gemeenten by de strôt, skodzje se efkes en lit se dan yn de grûn sakje.
Ik folje de enkête dochs yn. Us nije kommissaris moat in moaie mar ek wat strange frou wurde, mei in soad erfaring yn ombudswurk. Se mei gjin úthingboerd wêze, en net de hiele dei âldehoeren âldehoere litte. En se moat, en dêrom moat se moai wêze, stille ynfloed yn Den Haach ha. Dêr kin Fryslân fan profitearje.
Klear. Ja, doe moast ik noch in spamfraach ynfolje by de enkête. Myn spamfraach wie, hoefolle is 7+6. Foar wat foar minsken is dy enkête eins?"