Ljouwerter rêdt 87-jierrige man mei scootmobyl út wetter

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In 33-jierrige Ljouwerter hat freedtemiddei in 87-jierrige stedsgenoat út it wetter rêden. De âldere man woe mei syn scootmobyl op de Pieter Sipmawei keare, mar ried ûnferwachts efterút de sleat yn. Syn rêder sprong der efteroan en helle de man der út.
It slachtoffer is ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânse, mar mankearre neat. Hy is troch de ambulânse werombrocht nei syn fersoargingshûs.