Spesjaal fûgeleilân wurdt oanlein by Holwert

19 aug 2016 - 22:06

By Holwert wurdt in spesjaal fûgeleilân oanlein. Lâns de Grandyk nei de boat nei It Amelân leit in kwelder, dêr't in soad natuer sit. It plan wie om dêr in kuierpaad oerhinne te meitsjen, sadat de minsken mear sjen kinne fan de natuer. Doe kaam it idee foar in fûgelplasse mei in eilân deryn, om der noch mear fûgels hinne te lokjen.

It paad is no hast klear en de fûgels witte it lytse eilân sa stadichoan ek te finen. Dit betsjut dat der in moaie kuierrûte troch de Holwerter natuer bykommen is, mei in prachtich útsjoch oer it eilân fol mei waadfûgels. Ek komt der flakby noch in nije útkykpost, dêr'tst in moai útsjoch hast op it Waad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)