SC Cambuur pakt swierbefochten oerwinning op Dordrecht

SC Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin FC Dordrecht mei 1-0 wûn. De ploech fan trainer Rob Maas wie yn de earste helte al folle sterker as de gasthearen, dy't al gau mei tsien man fierder moasten. Dochs skoarden de Ljouwerters net. Yn de njoggende minút wie Cambuur tichtby, mar de frije traap fan Gouriye waard troch de keeper dochs noch út de goal helle.
Yn de twadde helte sette Cambuur flink oan en krige de ploech in tal grutte kânsen. Yn de 74ste minút betelle it bettere spul fan de besikers dan einlik út, doe't Van der Streek de ieneningstreffer makke. De lêste faze fan de wedstriid wie noch tige spannend. Dordrecht krige kânsen op de lykmakker, mar it bleau úteinlik by in oerwinning foar Cambuur.