Partijen Achtkarspelen berikke akkoart oer nije koälysje

19 aug 2016 - 21:27
  • Riedsgearkomste yn Achtkarspelen

It CDA, de ChristenUnie en de PvdA hawwe ûnder lieding fan ynformateur Joop Atsma in akkoart berikt oer it foarmjen fan in nije koälysje yn de gemeente Achtkarspelen. De tekst wurdt dit wykein foarlein oan de trije riedsfraksjes, dy't in mearderheid hawwe yn de gemeenteried. Uterlik moandei litte de fraksjes witte oft se definityf akkoart gean mei de foarstellen, dêrnei kin begûn wurde mei it formearjen fan de koälysje.

Ferline moanne hie in mearderheid fan de gemeenteried fan Achtkarspelen it fertrouwen opsein yn de koälysje fan FNP, GBA en PvdA. Ein july krige Atsma it fersyk om te beoardieljen hoe't der in nije koälysje foarme wurde kin, dy't op stipe fan in mearderheid fan de gemeenteried rekkenje kin.

De partijen hawwe ûnderling ôfsprutsen dat se foar moandei net ynhâldlik reagearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)