Gjin kameraploegen by Harkemase Boys fanwege fergunning

19 aug 2016 - 19:35

Harkemase Boys mei de kommende wiken gjin kameraploegen talitte, dy't de wedstriden fan de hichte út folgje wolle. De gemeente Achtkarspelen hat noch gjin fergunning ferliend foar it filmjen fan it dak fan de nije tribune. Nei't der in nij kamerahok foar de parse boud wie, is de klup ferjitten om ek in nije fergunning oan te freegjen.

Oant dy tiid moat der ymprovisearre wurde, seit Appie van der Veen fan de Harkemase Boys. Der sil wurke wurde mei in heechwurker as tydlike oplossing. Van der Veen ferwachtet dat it sa'n twa oant trije wiken duorje sil oant de gemeente de fergunning ôfjaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)