Rykswettersteat hâldt grutte kontrôle op Fryske wetters

Rykswettersteat hâldt dizze dagen in grutte kontrôle op it Prinses Margrietkanaal en de Fryske marren. Meiwurkers kontrolearje mei ferskate boaten oft rekreaasjeskippers harren oan de regels hâlde en dat se alle papieren by harren ha. Ek meie se net te hurd farre en moat de geskikte útrissing oan board wêze. Benammen op it Prinses Margrietkanaal moatte rekreaasjefarders goed oppasse. Dêr farre de rekreaasjefarders en beropsfeart trochinoar hinne en ûntstean der soms gefaarlike situaasjes.
Ferline jier wienen der 35 ynsidinten tusken berops- en rekreaasjefeart yn Fryslân. De spesjale kontrôle fan Rykswettersteat duorret trije dagen. Freed wie de earste dei, sneon en snein moatte jo op it wetter ek rekken hâlde mei ekstra tafersjoch.