Riksja's foar âlderen ride tenei troch Ljouwert

20 aug 2016 - 11:00

Yn Ljouwert rydt fan no ôf in riksja spesjaal foar âlderen dy't net mear fytse kinne. In riksja is in karke, mei twa tsjillen dat treaun wurdt troch in fytser. Yn Yndia ride der tûzenen fan om as taksys. It idee om âlderen it gefoel fan fytsen wer werom te jaan mei de riksja komt út Denemarken dêr't it tige populêr is.

Frijwilligers fan stichting "Fietsen alle jaren" ride de belangstellenden mei de riksja om. De âlderen kinne dan bygelyks del by plakken dêr't se eartiids wenne ha. Of efkes sjen by de fûgels yn de greiden.

Inisjatyfnimmer Albert van Dijk wurket sels yn de soarch en seach dat minsken eins te min bûten komme. Hy wol de âlderen graach dat gefoel fan eartiids werom jaan troch mei se op stap te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)