RAV tekenet kontrakt mei ANWB oer pasjinteferfier

© ANP
De regionale ambulânse foarsjenning, de RAV, hat freedtemiddei in offisjeel gearwurkingskontrakt tekene mei de ANWB. Dy leveret tenei de helikopter en de piloaten dy't de RAV nedich hat om it pasjinteferfier fan de Waadeilannen nei de fêste wâl te dwaan. De RAV kin dêr nei alle gedachten yn novimber mei begjinne. Der hat in soad te dwaan west oer de oanbesteging fan it helikopterferfier.
In oare partij, Heliventure út België, hie dat ek graach dwaan wollen. Der hawwe ferskate juridyske prosedueren om west. En der rint op it stuit ek noch in heger berop. It kontrakt mei de ANWB koe neffens de RAV gewoan sletten wurde.