Organisaasje Sintrale As warskôget: 'Kom net op it terrein'

Minsken moatte net op it terrein fan de Sintrale As komme. Dy oprop docht de projektorganisaasje dy't ferantwurdlik is foar de oanlis fan de nije dyk. De lêste tiid komme der hieltyd faker minsken op de bouterreinen, en dat is neffens de organisaasje hiel gefaarlik. Want it liket wol oft in grut part fan de Sintrale As klear is, mar dat is net sa en der wurdt ek op ûnferwachte tiden noch oan wurke.
De projektorganisaasje sil de kommende tiid ekstra tafersjoch hâlde.