Utstalling oer rampjier 1666 by Tromp's Huys op Flylân

19 aug 2016 - 15:15
  • De keapfardijfloat yn de brân

Yn museum Tromp's Huys op Flylân is freedtemiddei de útstalling "1666 yn breder perspektyf" offisjeel iepene. De útstalling is ûnderdiel fan in hiele betinkingswike op Flylân en Skylge. No krekt 350 jier lyn wienen Ingelân en Nederlân yn oarloch en de Ingelsken stutsen foar de kust fan Flylân 170 Nederlânske keapfardijskippen yn 'e brân.

Twatûzen seelju kamen om it libben. In dei letter waard it doarp West-Skylge hielendal platbrând. By de útstalling yn it Tromp's Huys binne ûnder oaren skilderijen fan de ramp te sjen, fan de 17e-iuwske keunstner Willem van de Velde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)