Frou út Burgum rydt Oranjekanaal yn by Zwiggelte

© ANP
In 24-jierrige frou út Burgum is tongersdei by it Drintske Zwiggelte mei har auto en oanhingwein it Oranjekanaal ynriden. De frou moast útwike foar in 33-jierrige automobilist út Beilen, dy't fan in hiem ôf sa de dyk op ried. De man hie de auto fan de frou net sjoen.
By it ûntwiken fan de auto rekke de bestjoerster de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn it wetter. De frou en in twadde ynsittende koene sels út de auto komme. Alle belutsenen kamen mei de skrik frij.