Ynternasjonale groep jongerein nimt De Mieden ûnder hannen

19 aug 2016 - 14:30
  • Yn natoergebiet De Twizelermieden

In groep fan 15 jongerein út ûnder oare Dútslân, Spanje, Uganda, Súd-Koreä en Italië sil fan freed ôf oan de slach yn De Mieden by Twizel. De groep ynternasjonale frijwilligers sil Steatsboskbehear helpe by it ûnderhâld fan de blaugerslannen.

It giet om arbeidsyntinsyf wurk dat fanwegen de kwetsberens fan it gebiet net mei masines dien wurde kin. De groep oernachtet yn in kampearpleats yn de buert. Tagelyk sil in oare groep yn de Drentsche Aa oan de slach. De útwikseling is in inisjatyf fan de Stichting Internationale Vrijwilligersprojecten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)