Aldwâldster stuts syn frou en himsels yn 'e brân

Ut it plysje-ûndersyk nei de dea fan de 55-jierrige frou en de 59-jierrige man út Aldwâld docht bliken dat de man himsels en syn frou woansdeitejûn yn harren hûs oan de Allemawei yn brân stutsen hat. In buorman hearde de opskuor en ferliende earste help. Hy brocht de man en frou nei bûten ta en warskôge de helptsjinsten.
Yn de tún stuts de 59-jierrige man ûnferwachts syn ferwûne frou del mei in mes. De frou ferstoar foar't de helptsjinsten oanwêzich wiene.
De man sels rekke swier ferwûne en ferstoar in dei letter yn it brânwûnesintrum yn Grins. Neffens de plysje is net te achterheljen wat it motyf fan de man west hat. Oan de buorman en oare belutsenen is slachtofferhelp oanbean.