Kollum: "Ienentweintich"

19 aug 2016 - 12:36

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"[lûdsfragmint Mats Staub en Botte Jellema]

Dit lûd hat al in hiele reis makke, foardat it út de speakers fan radio’s komt dy’t ôfstimt binne op Omrop Fryslân. Ik ha it opnommen fan in koptelefoan yn Grins, dy’t by in filmke heart. Yn dat filmke sjochst hoe’t ik lústerje nei myn eigen stim, dy’t wer trije moannen dêrfoar opnommen is.

Snapst it noch?

Juster wie ik yn Grins, der’t it festival Noorderzon begûn. En yn de âlde wettertoer hat Noorderzon de koptelefoans en de telefyzjeskermen mei de filmkes. Fjirtjin skermen, en op elk skerm komme fjouwer as fiif ferhalen. En de ferhalen gean oer hoe’t it wie doe’st ienentweintich wiest.

Der is in frou út Frankfurt dy’t yn 1939 ienentweintich wie. In hânfol Grinzers, fan ferskate leeftiden. In frou út Belgrado, dy’t yn 2003 ienentweintich wie en de oarloch op de Balkan meimakke hat. In frou út Ljouwert, dy’t yn 1996 ienentweintich wie. En ik - sei de gek -, en ik wie ienentweintich yn 1998.

Doe’t ik foar it projekt frege waard, ha ik myn âlde deiboek opsocht. Wat die ik yn 1998. It klinkt tichteby, mar it is al wer achttjin jier lyn. Ik wenne yn Snits. Ik studearre oan de NHL. Ik spile yn in band. Mar foaral: it wie it jier dat ik selsstannich waard, of, opgroeide. Sa ûngefear.

Wat gebeurde der doe'tsto 21 wiest. Hokker minsken hiesto om dy hinne. Hoe ferskilt dyn libben fan no mei dat fan doe. Hoe soe de ienentweintichjierrige do fan doe sjen nei hoe'sto no bist. Mei ienentweintich wurdsto sjoen as folwoeksen, en fieldesto dy ek al echt folwoeksen…

[lûdsfragmint Mats Staub]

Dit is Mats Staub, in keunstner út Zurich, yn Switserlân, en dit projekt hat hy betocht. It hjit ’21 - memories of growing up’.

Earst nimt Mats in ynterview op, allinnich mei lûdopnamen. Duorret in oere. Dat koartet hy yn oant tsien, fyftjin minuten, en dan moast werom komme. Hy lit it dan heare, dat filmet hy, en dat kinst op de skermen sjen.

Hy hat no al 120 minsken fan oer hiel Europa ynterviewd en in seleksje fan dy ferhalen binne no yn Grins te hearen. Bygelyks fan in man út Den Haag dy’t in 1968 ienentweintich wie, en him yn dat jier ferloofde mei syn lettere frou…

[lûdsfragmint Mats Staub]

Ferhalen oer oarloch, oer begjin en ein fan libben, freonen en fijannen, neam it mar op. It hiele libben sit yn dy fjirtjin skermen. Ferhalen dy’tst oars nea hearst. Se ha te krijen mei it nijs, mei wat doe yn 'e wrâld oan 'e hân wie, mar dit binne de ferhalen fan de gewoane minsken, dy’t net yn 'e krante stean en net op de radio komme.

Ik kin it oanriede, om te lústerjen nei de ferhalen út dy koptelefoans dêr yn de wettertoer op Noorderzon, yn Grins.

En ik kin it ek oanriede om ris nei te tinken oer hoe’t it wie doe’tst 21 wiest."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)