Nesta Shipping wol útwreidzje

Nesta Shipping út Harns hat foar 2 miljoen euro in kavel fan sa'n 6500 kante meter kocht yn de Harnzer haven. Dat meldt Harlingen Seaport, de organisaasje achter de yndustryhaven yn Harns.
Nesta Shipping sit sûnt 2003 yn de nije yndustryhaven yn Harns en wol útwreidzje. It bedriuw hâldt him foaral dwaande mei de op- en oerslach fan stik- en bulkguod.