Seekadetten De Lemmer helpe by berging fleantúchwrak Iselmar

19 aug 2016 - 12:13

It seekadettekorps fan De Lemmer sil tafersjoch hâlde by de bysûndere berging fan in fleantúchwrak op de boaiem fan de Iselmar. Om by it wrak út de Twadde Wrâldoarloch komme te kinnen, wurdt in lyts diel fan de Iselmar drûchlein.

Der meie gjin skippen yn de buert fan de wurksumheden komme en de seekadetten sille dêr op tasjen. Nei alle gedachten lizze der yn it wrak noch bommen en stoflike omskotten fan de bemanning.

It opliedingsskip De Roermond mei de seekadetten sil fjouwer wiken lang neist de bouput yn de Iselmar lizzen bliuwe. Oan board binne minimaal tolve minsken.

It seekadettekorps siket ek noch frijwilligers tusken de 12 en 26 jier om te helpen by de operaasje. Sy hâlde net allinnich tafersjoch, mar sille ek itensiede foar de minsken dy't oan it wurk binne en it opliedingsskip ûnderhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)