KNZB Noord wol nij swimbad yn it Noarden

Op koarte termyn moat der in nij 50 meter swimbad yn it Noarden komme. It hjoeddeiske bad De Welle yn Drachten is slim ferâldere. Dat seit foarsitter Yme Waterlander fan swimbûn KNZB Noord. Waterlander hat leaver nijbou as renovaasje.
It soe logysk wêze as it nije bad ek yn Drachten komt. Mar omdat beslútfoarming yn de gemeente Smellingerlân foarearst útbliuwt, stiet de KNZB ek iepen foar oare plakken yn it Noarden.
De gemeente Smellingerlân lit yn in reaksje witte dat de gemeenteried op 8 novimber fan dit jier in beslút nimme sil oer Swimsintrum De Welle yn Drachten. Wethâlder Jos van der Horst seit dat de gemeente ynsette sil op nijbou. De gemeente hopet op jild fan de provinsje en oare eksterne partijen, aldus Van der Horst.