Fytser ferwûne by ûngelok

07 maaie 2012 - 10:33

In man fan 44 jier fan Gersleat is sneintejûn let ferwûne rekke by in oanriding yn Tsjalbert. It slachtoffer fytste dêr oer de Aengwirderwei doe't er skept waard troch in auto. De bestjoerder (44) út Goaiïngaryp slagge der net yn om him te ûntwiken. De fytser hie alkohol hân. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

De plysje stelt in ûndersyk yn nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)