Plysje warskôget foar falske polsbantsjes Glemmer Beach
De plysje warskôget dat der falske polsbantsjes fan Glemmer Beach ferkocht wurde. De bantsjes soene rjocht jaan op fergeze konsumpsjes. By it evenemint dat tusken 25 en 27 augustus hâlden wurdt op De Lemmer, kinne konsumpsjes lykwols allinnich mei muntsjes ôfrekkene wurde.
Neffens de organisaasje bestean der hielendal gjin Glemmer-polsbantsjes foar konsumpsjes.