Addy de Jongh reizget nei Iran om luipaarden út te setten

18 aug 2016 - 22:40

Direkteur Addy de Jongh fan Stichting Otterstation Nederland yn Ljouwert giet freed nei Iran om dêr mei te helpen by it útsetten fan twa ferweesde luipaarden. It giet om twa seldsume Perzyske luipaarden dy't yn in opfang sitte, mar no útset wurde sille yn it Golestan Nasjonaal Park, yn it noarden fan Iran. De Jongh is fan Nederlân út al in skoft belutsen by de opfang en it begelieden fan de frijlitting fan de bisten.

Oan de hân fan GPS kinne de bisten folge wurde. Dit is bedoeld foar it behâld fan de bedrige soarte. De útkomsten sille publisearre wurde yn in ynternasjonaal wittenskiplik tydskrift.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)