Zonderland slút dielname Olympyske Spelen 2020 net út

18 aug 2016 - 21:27

Turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean slút net út dat er yn 2020 nochris in kear meidwaan sil oan de Olympyske Spelen yn Tokio, Japan. Betingst is dat syn lichem sûnder blessueres bliuwt. De 30-jierrige Zonderland wol syn karriêre per jier besjen. It earste spearpunt nei de Olympyske Spelen is it WK fan takom jier, mar foarearst rjochtet Zonderland him op syn stúdzje.

Nei syn fal yn de finale fan de rekstôk, wie Epke swier teloarsteld. No in pear dagen letter kin hy der better mei libje. Hy realisearre him foar de finale al dat it dreger wurde soe as by de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen. Doe helle Zonderland nei in goede tarieding de gouden medalje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)