Reedrydtoppers komme sneon yn aksje by skeelertocht

18 aug 2016 - 21:23
  • Swings wûn de sprint fan de kopgroep

Olympysk kampioen Jorrit Bergsma stiet sneon oan de start fan de 29ste edysje fan de Bartlehiem Skeelertocht yn Hallum. Bergsma is ien fan de reedrydtoppers dy't meidogge oan de skeelerklasiker oer in ôfstân fan hûndert hilometer. Ek Niels Mesu, Jouke Hoogveen en Simon Schouten sille dit wykein oan de start ferskine. Winner Ingmar Berga fan de KNSB maratonkup ôfrûne winter is ek fan 'e partij.

By de froulju binne Nederlânsk kampioene Irene Schouten en de Belgyske Sabrina Gaudesaboos de favoriten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)