Ljouwerter stelt stroomkabels

07 maaie 2012 - 10:17
  • Oanhâlden

De plysje hat sneintenacht in Ljouwerter (36) oppakt foar it stellen fan stroomkabels. Tsjûgen seagen dat hy kabels meinaam by in bouplak oan de Julianaleane yn Ljouwert. Doe't de plysje him oanspruts, hie de man in grutte betonskjirre by him. De fertochte bekende dat er kabels stellen hie.

Yn syn auto leine neist in tal stikken kabel ek noch ynbrekkersark en in fyts dy't mooglik ek stellen wiene. De auto en it guod binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)